UPDATE: Man oanhâlden nei oerfal op tabakssaak yn Ljouwert

De plysje hat in man oanhâlden yn de syktocht nei in oerfaller fan in winkel yn Ljouwert. It giet om in tabakssaak oan de Vijzelstraat. Dy waard oan de ein fan tongersdeitemoarn oerfallen troch in man. De oerfaller bedrige it personiel mei nei alle gedachten in stroomstjitwapen en naam in ûnbekende bút mei. De plysje gie dêrnei, ûnder oare mei help fan Burgernet, op syk nei de oerfaller.
Undersyk moat no útwize of de oanhâlden man ek de oerfaller is. De oerfal komt op in soer momint foar de eigener fan de winkel. Hy soe op 1 juny ophâlde mei syn saak.