Ynwenners Hearrenfean betelje elk in euro oan LF2018

17 maaie 2018 - 11:30

Ynwenners fan de gemeente Hearrenfean betelje elk in euro mei oan Kulturele Haadstêd. De organisaasje fan it kulturele evenemint hie de gemeenten yn Fryslân frege om ien euro de ynwenner beskikber te stellen. Dêrmei kinne kosten foar marketing en reklame betelle wurde.

It plan fan boargemaster Ferd Crone en KH-direkteur Tjeerd van Bekkum moast 650.000 euro opsmite. Earder die al bliken dat it fersyk foar twaspjalt ûnder de Fryske gemeenten soarge, om't guon gemeenten wegerje om mei te beteljen.

(advertinsje)