FIDEO: Presintaasje nije haadtrainer SC Hearrenfean

17 maaie 2018 - 14:57

Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is tongersdeitemiddei de nije trainer fan SC Hearrenfean presintearre. By syn presintaasje sei Jan Olde Riekerink dat er trije spearpunten hat: it oplieden fan jeugdspilers, betingsten kreëarje foar de topsport en minsken bine oan de klup.

Bysûndere klup

Olde Rienkerink jout yn it ynterview nei de parsekonferinsje oan tige entûsjast oan syn trainerkip by SC Hearrenfean te begjinnen. ''SC Heerenveen is natuurlijk een hele bijzonder club en traditierijke club met ambitie. Daar voel ik me heel erg prettig bij.'' Op de fraach hoe't er tinkt de minsken werom helje te kinnen nei it stadion seit er dat er benammen ynvestearje wol yn de manier fan fuotbalje. ''De manier van voetballen is wat mensen zien. Samen met topsport, dat er een elftal staat dat ambitie toont en hard wil werken, is de hoe je dat bereikt.''

Jeugd

De nije trainer fan SC Hearrenfean hat yn it ferline in soad mei jongerein wurke en dat hat ek tige wichtich west foar syn beslút om trainer te wurden fan de club seit er. ''Heerenveen staat bekend om het hebben van en aandacht geven aan talent. Wat dat betreft past dat goed in mijn profiel.''

Fierder seit er dat er bliid en grutsk is dat er yn de earedifyzje oan it wurk kin. De nije trainer komt hjir ek te wenjen. Hy sil tongersdeitemiddei al in hûs besjen.

Tongersdeitejûn yn de útstjoering fan Fryslân Hjoed mear oer de bekendmakking fan Jan Olde Riekerink as nije trainer fan SC Hearrenfean.

(advertinsje)