Nard Brandsma wint kâlde ljepperij yn Winsum

17 maaie 2018 - 10:56

Nard Brandsma fan Warkum hat woansdeitejûn de fierljepwedstriid yn Winsum wûn. By de senioaren pakte er de oerwinning mei in sprong fan 19.04 meter. Troch de kjeld en de hurde wyn wie it in wedstriid mei matige ôfstannen. Ferskate ljeppers besleaten fanwegen it waar sels de finale net te springen út eangst foar blessueren. Sa ek oanfierder fan it klassemint Thewis Hobma út Harns, dy't twadde waard mei 18.91 meter. As tredde einige Sytse Bokma út Hylpen mei 18.47 meter.

By de froulju gie de winst nei Akke Dijkstra fan Kollum. Se helle twa kear in wiet pak yn de finale, mar har twadde sprong yn de wedstriid fan 13.82 meter wie genôch foar it earste plak. Sigrid Bokma út Hylpen waard twadde (13.62) en Hiske Galama út Grins pakte it tredde plak (13.58).

By de junioaren wie Wietse Nauta fan Drylts oermachtich (16.24), folge troch Rutger Piersma út Molkwar (16.18) en Jetse Bokma út Hylpen (15.86).

De winst by de jonges gie krekt as yn Bûtenpost nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip (15.97). It twadde plak wie foar Abe-Luuk Stedehouder fan Drylts (14.50) en as tredde einige syn plakgenoat Renzo Zwaagman (14.17).

Bente Vlas út Heech wûn by de famkes (13.77). Tirza Boschma fan Drylts pakte it twadde plak (12.95) en Femke Rispens út Niehove waard tredde (12.84).

(advertinsje)