Oernamekandidaten Bosgraaf

21 jun 2012 - 15:56

Der binne meardere kandidaten dy't Bosgraaf Metaal en Apparaten op 'e Jouwer oernimme wolle. Dat seit it fakbûn. It bedriuw waard woansdei fallyt ferklearre, nei alle gedachten as gefolch fan in earder fallisemint fan in dochterûndernimming yn Ede. Dat bedriuw is yn koarte tiid bot groeid en de omset is achterbleaun.

By Bosgraaf wurkje in lyts fyftich minsken. It bedriuw makket ûnder oare apparaten om tsiis, pizza's en wraps te meitsjen.

Trefwurden: 
Bosgraaf Metaal
(advertinsje)
(advertinsje)