Ledetal lytse sportferieningen yn Fryslân rint werom

17 maaie 2018 - 10:54

Lytse sportferieningen yn Fryslân hawwe soargen oer de takomst. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo, Sport Fryslân en it Mulier Ynstitút. Fan de lytse sportklups yn ús provinsje sjocht 45 prosint in takomst mei bedrigingen. Sy binne benaud dat sy troch krimp, fergrizing en yndividualisearring yn de takomst gjin besteansrjocht mear hawwe.

By de gruttere sportferienings is it byld geunstiger: dêr sjocht tolve prosint deselde bedrigingen. Lytse ferieningen hawwe ek mear finansjele problemen as de grutte sportklups. As it giet om organisaasjekrêft skoare de gruttere ferieningen ek better as de lytse. Hjir is it ferskil lykwols lytser: Fan de lytse ferieningen hat 60 prosint foldwaande organisaasjekrêft. By de grutte ferieningen is dat 79 prosint. 

Oan it ûndersyk ha 405 sportferieningen meidien. Sport Fryslân sil mei de Fryske gemeenten yn petear oer de útkomsten fan it ûndersyk. Dêrnei sil der mienskiplik aksje ûndernaam wurde om de sportferieningen yn Fryslân takomstbestindich te meitsjen.

(advertinsje)