4 Leden Europeesk Parlemint dochs op besite yn Ljouwert

17 maaie 2018 - 10:32

Fjouwer leden fan de CDA-fraksje yn it Europeesk Parlemint komme dochs nei Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa. Earder waard bekend dat de offisjele besite oan Ljouwert troch leden fan de kultuerkommisje fan it Europeesk Parlemint net trochgie om't dêr te min animo foar wie. Yn dy kultuerkommisje sitte gjin Nederlânske Europarlemintariërs. De CDA-delegaasje ûnder lieding fan Esther de Lange fynt Ljouwert wol de muoite wurdich en hat dêrom besletten om har jierlikse kollektive wurkbesite yn Fryslân te hâlden. De Lange nimt har partijgenoaten Annie Schreijer-Pierik, Wim van de Camp en Lambert van Nistelrooij mei. 

Mei it Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry van der Molen en deputearre Sander de Rouwe sille de politisy in besite bringe oan ynnovative bedriuwen yn de wetter- en enerzjysektor. Boppedat sille se prate mei lokale politisy. In diel fan de delegaasje is fêst fan doel om ek 'kletterdei', de offisjele iepening fan it 11Fountainsprojekt, by te wenjen. 

(advertinsje)