SC Hearrenfean presintearret Olde Riekerink as haadtrainer

17 maaie 2018 - 10:27

Fuotbalklup SC Hearrenfean presintearret tongersdeitemiddei de 55-jierrige Jan Olde Riekerink as haadtrainer. Hy is opfolger fan Jurgen Streppel, dy't nei 2 seizoenen opstapt.

De lêste klup dêr't Olde Riekerink foar wurke, is it Turkske Galatasaray. Earder wurke hy foar Ajax as jeugdtrainer en haad-opliedingen en foar AA Gent, it Sineeske fuotbalbûn en wie hy assistint-trainer fan FC Porto.

Live

De presintaasje fan de nije trainer is om 15.00 oere live te folgjen fia Omropfryslan.nl, de Omrop-app en de Facebook-side fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)