Opûnthâld op Drachtsterwei yn Ljouwert troch oanriding

17 maaie 2018 - 10:17

Ferkear op de Drachtsterwei yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn yn de spits lêst hân fan in oanriding flak foar it akwadukt, de stêd yn. Twa auto's botsten troch noch ûnbekende oarsaak op mekoar. Foar safier bekend rekke net ien ferwûne. De plysje ûndersiket hoe't de botsing ûntstean koe.

(advertinsje)
(advertinsje)