Skeel Olympyske ringen bylein

Aldjiersferiening De Geitefolk fan Aldeberkeap hat it skeel mei it Olympysk Stadion yn Amsterdam bylein. De Geitefok hie as âldjiersstunt de Olympyske ringen fan it stadion meinommen nei Aldeberkeap. It bestjoer fan it Olympysk Stadion koe de grap der net fan ynsjen.
Nei oerlis tusken beide partijen hat De Geitefok de skea fergoede. Om hokker bedrach it giet, meie se net sizze. Op de webside biede se ekskuzes oan foar de aksje. Se ha te min rekken hâlden mei de histoaryske en kulturele wearde fan de ringen. Se gean wol troch mei stunts.