Kollum: "Rekkenjen"

17 maaie 2018 - 07:15
  • De Toan fan Botte Jellema

"Yn de wike dat de eineksamens wer begûn binne, ferwûnderje ik my oer ús fermogens ta rekkenjen. Twa wiken lyn gong myn stedsfyts kapot, en krekt op dat momint lies ik in artikel oer Swapfiets. Nee, dat is net in wrak gefal, wêrmei'tst sa op de grûn 'swapst', mar it is in leasefyts. Te werkennen oan de blauwe foarbân, en ik sjoch se by boskjes hjir yn dizze studintestêd.

Studinten, dochs it soarte fan minsken dêr't je kwa rekkenjen wat fan ferwachtsje meie. Populêr binne de 'oma-fietsen' fan Swap, der is hjir sels in wachtrige foar, seit de website. De website fertelt fierder dat je nea langer as 12 oeren mei in kapotte fyts sitte, want se helje, reparearje en bringe fytsen. En dat it 15 euro de moanne kostet.

Dan giet it yn myn holle rap: dat is 180 euro it jier. In bytsje twaddehânsk stedsfyts kostet tusken de 100 en de 150 euro, legaal dan, foar avonturiers kin it foar noch minder, dus nei in moanne of acht bist mei in eigen twaddehânsk fyts al goedkeaper út as mei sa'n leasefyts. En ik doch echt wol in pear jier mei sa'n fyts.

En ja, dan kin it foarkomme datst der in kear in nije bel op sette moatst, sels lampkes keapje moatst en miskien ris in kear in bân plakke moatst. Mar dat binne de kosten net en dat kin meastentiids ek binnen 12 oeren.

Noch in foarbyld. Juster stie yn de Volkskrant in stik oer studinten - fan deselde studinten wer - dy't yn harren hûs in waskmasine lease. Se binne mei syn seizen en betelje elk 2,40 de moanne. Dus ik wer rekkenje.

2,40 de persoan de moanne, dat is dus 14,40 de moanne en dat is 172,80 it jier (ja, hjir brûk ik in rekkenmasine foar, mar dêr giet it net om). Studearje dogge je fjouwer jier, dus dat is in lytse 700 euro yn totaal. En as dy fjouwer jier om binne, hast gjin waskmasine mear. Foar dat bedrach hast in hiel deeglike nije masine, en foar de helte kinst twaddehânsk te kust en te keur. "Bij een tweedehands via Marktplaats vonden we het risico te groot dat deze snel kapot zou gaan", seit studinte Michèle.

Foar my as studint wie 700 euro, sels as it ferdield wie oer fjouwer jier, in hiel soad jild. Ik fyn it noch altyd in hiel soad jild. En dêr komt noch by dat twaddehânsk, kapot en wrak synonym binne mei guod yn studintehuzen. Kapotte waskmasinen hearre derby, dan giest nei in freon ta, of regelest wat oars, it is gjin ramp. Of bin ik no in âlderwetske romantikus?

Yntusken jou ik ek echt wolris mear jild oan wat út as needsaaklik is. Omdat goedkeap yn sommige gefallen echt hiel djoer wêze kin. En de Hollânske obsesje mei goedkeap - wat fertelle we graach by in nije oankeap dat it yn 'e oanbieding wie of dat we ôftinge ha - is ek wol syklik. Mar dat leasen by studinten begryp ik net. Ik bedoel: ik ha noch in beurs krigen, dat is tsjintwurdich ek net mear sa.

Ik twivelje earlik sein net oan de rekkenkwaliteiten fan ús nije studinten. Mar stel fragen by ús obsesje mei feiligens. Alles moat it altyd dwaan, der is gjin romte foar gedoch. Lekke bân? Binnen tolve oeren is der in nije fyts foar dy swapt. Waskmasine kapot? Net dyn soarch. En sels in kofjesetapparaat kinst lease thús, en dan betellest neffens de krante 35 sint it kopke, mei in minimum fan 3 kopkes de dei. Even rekkenje: minstens 383,25 per jier. Skrikkeljierren 384,30. En dan moast gjin besite krije...

Kom op studinten, en eksamens-meitsjende oankommend studinten! Wat moatte jimme mei gloednije Miele's? Tinke jimme echt dat dat better is as dy 'Vaagtronics'-masine dy't yn myn studintehok stie te hobbeljen? De leasebedriuwen ha prachtige praatsjes oer 'circulaire alternatieven', 'duurzaamheid' en 'de abonnementseconomie', as se tiid ha tusken it jild tellen troch.

En ik stap straks lekker op it 'circulaire, duurzame alternatief', en it wûnder fan rekkenkrêft, dat myn eigen nije twaddehânsk rammelbak is."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)