Fûgelhutte: Allinnich in frije geast sjocht fûgels

17 maaie 2018 - 20:00

De Napolitaan, de Dútske riger, de feantraper. It binne allegearre net besteande fûgels, betocht troch keunstner O.C. Hooymeijer. Yn syn nije wurk, in fûgelhutte yn natuergebiet Rottige Meente, stean ek net besteande fûgels sintraal.

De keunstner út Spangea iepenet op 27 maaie syn nije keunstobjekt: in spesjale fûgelsjochhutte. "Er komen vijf kijkers te hangen. Die kun je niet scherp stellen. Ja, eentje", fertelt Hooymeijer. "Want alleen als je goed kijkt, kun je de vogels zien."

Hooymeijer hat de fûgelhutte sels boud. Alles is in bytsje bryk: de trep, de planken en de flier. Boppe de doar fan de yngong hinget in buordsje mei de Latynske tekst: Alleen een vrije geest ziet vogels, yn Nederlânske oersettting.

Darwin en Marianne Thieme

Yn de hutte is fan alles te sjen: muorreplaten mei net-besteande fûgels, in list mei nammen fan minsken dy't wat bestjut hawwe foar de natuer, lykas Darwin en Marianne Thieme. Mar ek net besteande fûgelnammen stean op 'e list. "Ik hoop dat mensen die namen opzoeken op hun telefoon. Zo van 'Wie is dat?', en dat ze er dan achterkomen dat ze helemaal niet bestaan", fertelt er. 

Boekje lezen

Der falt genôch te ûntdekken yn de hutte. "Je kunt er ook rustig een boekje lezen, of een boterhammetje eten en wachten tot de regen voorbij is", fertelt Hooymeijer. De fûgelhutte wurdt op 27 maaie iepene. Hy is fergees tagonklik foar publyk.

(advertinsje)