Gersmatte SC Hearrenfean op sechsde plak

16 maaie 2018 - 22:04

It gersfjild fan SC Hearrenfean is op it sechsde plak einige yn de fjildkompetysje fan de VVCS, de feriening fan fuotbalspilers. De oanfierders fan de achttjin earedifyzjeklups litte nei ôfrin fan elk seizoen witte hokker fjild oft se it bêste fûnen.

It fjild fan Feyenoord wie neffens de spilers foar it fiifde jier mei ôfstân it bêste fjild. Hearrenfean dielt it sechsde plak mei nijkommer yn de earedifyzje NAC. De lêste seis fjilden op de list binne keunstgersfjilden. It gers fan Excelsior is op it lêste plak einige.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean gers fjild
(advertinsje)