Smûk en Smikkel komt yn 2018 werom mei spesjale edysje

16 maaie 2018 - 21:52

It Ljouwerter foodfestival Smûk en Smikkel komt yn de simmer fan 2018 werom mei in spesjale edysje. Dat makke de organisaasje fan it evenemint bekend yn IepenUp Live.

Smûk en Smikkel waard earder njoggen kear hâlden yn de Blokhúspoarte. Yn 2016 wie it foar it lêst. Om't IepenUp Live dizze kear oer ús iten giet, en de bewustwurding fan wêr't it weikomt, wie der ek in lytsskalige itensmerk organisearre yn Neushoorn.

Smûk en Smikkel bestie al foardat de foodtruck-festivals populêr waarden. Undernimmers dy't graach oan it foodfestival meidwaan wolle, kinne harren opjaan op de Facebookside fan Smûk en Smikkel.

(advertinsje)