Petysje ferskate doarpen tsjin gaswinning yn Smellingerlân

16 maaie 2018 - 21:37

Mei in online petysje hoopje de polityk en de pleatslik belangen fan ferskate doarpen yn Smellingerlân nije gaswinning bûten de doar te hâlden. Yn de petysje roppe de ûndertekeners minister Wiebes fan Ekonomyske Saken op om mei alternativen te kommen. Neffens inisjatyfnimmer Oebele Veenstra fan Pleatslik Belang De Wylgen soe dat bygelyks it ynkeapjen fan gas yn it bûtenlân wêze kinne.

De petysje komt tongersdei online. De inisjatyfnimmers hoopje op safolle mooglik hantekeningen om yndruk te meitsjen op de minister. Om dat foarinoar te krijen sille se neist de online petysje ek noch de strjitte op gean om hantekeningen op te heljen en sille se noch in aparte ynformaasjegearkomste opsette.

(advertinsje)