Abe Lenstrastadion ferbout yngong, Feanshop yn pop-up-winkel

© Omrop Fryslân
De yntree fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean wurdt ynkoarten ferboud. Supporters moatte fan moandei 28 maaie ôf tydlik by in oare yngong wêze foar it ferlingen fan de seizoenskaart.
De Feansjop, de winkel fan fuotbalklup SC Hearrenfean, kriget ek in metamorfoaze. De winkel is dêrom nije wike ticht. Salang't de opknapbeurt duorret, komt der in tydlike winkel njonken de bioskoop yn it sintrum fan It Hearrenfean. Dêr kinne supporters harren guod keapje.