"Buorkjen ek mooglik by hegere wetterstân feangreidegebiet"

16 maaie 2018 - 20:42
  • Theo Vogelzang oer buorkjen op feangreide mei heger wetterpeil

As it wetterpeil omheechgiet yn it Fryske feangreidegebiet, kin der ek noch goed en rendabel buorke wurde. Dat seit ûndersiker Theo Vogelzang fan de Wageningen Universiteit. Hy hat yn opdracht fan Places of Hope ferskate bedriuwssystemen analysearre.

Oare kij

By in heger wetterpeil sil de boer wol it bedriuw feroarje moatte, mei mooglik in oar soart kij, oar gers en in oare manier fan it bewurkjen fan lân. Trochgean mei de wize fan buorkjen sa't dat no bart, is gjin opsje.

Te drûch

Troch klimaatferoarings en in te yntinsyf brûken fan it lân ferdrûget it fean. Dat hat as gefolch dat der in te hege útstjit fan CO2 is en dat de greidefûgels en ynsekten ferdwine. Deputearre Steaten fan de provinsje makken tiisdei bekend dat se 50 miljoen euro ynvestearje wolle yn it feangreidegebiet. Ynkoarten sille Provinsjale Steaten ek oer it ûnderwerp prate.

(advertinsje)