FIDEO: Powerkolleezje oer it Waad en it klimaat

It is ien fan ús grutste toeristyske attraksjes en it hat in plak op de Wrâlderfgoedlist. Dochs witte we net folle fan dit omfangrike gebiet: it Waadgebiet. Dat hawwe wy de ôfrûne moannen besocht te feroarjen mei powerkolleezjes fan de Waadakademy. Hjoed is it allerlêste powerkolleezje. Nei de foarming, iten, bewenners en ekonomy fan it Waad is it no tiid foar it klimaat. En dat kolleezje krije wy fan klimaatprofessor Pier Vellinga.