Potfiskfontein Harns stiet te plak, spuitmeganyk moat noch

16 maaie 2018 - 19:50
  • De potfiskfontein wurdt te plak set

De potfiskfontein yn Harns leit te plak. Yn de Willemshaven, flak foar de Suderpier, is de Whale Fountain fan 18 meter lang en 18 ton swier pleatst op twa dragers. It lêste wurk oan de fontein wurdt dien by leech wetter. Dan kin it spuitmeganyk boppe-yn de potfisk goed monteard wurde.

De potfisk is ien fan de alve fonteinen fan it LF2018-projekt Eleven Fountains. It bedriuw De Boer en De Groot Civiele technieken hat de konstruksje makke foar de Whale Fountain, yn gearwurking mei oare Harnzer bedriuwen.

Mei snút yn ferkearde rjochting

It duorre efkes foardat de potfisk woansdeitemiddei goed op it ponton stie, dêr't er mei ferfierd wurde soe. Op de Hermeskade stie it bist mei de snút yn de ferkearde rjochting, dat hy moast earst omdraaid wurde. Ek troch de hurde wyn wie it dreech om alles goed te plak te krijen. De potfisk is fan de Hermeskade troch de Tjerk Hiddesslûzen nei de Willemshaven ta brocht.

Hurd wurke troch Harnzer bedriuwen

It meitsjen fan de Harnzer potfisk wie in langduorjend proses. De fontein is makke troch in Flaamske keunstneres, yn opdracht fan in keunstner út Puerto Rico. In Frânsk bedriuw soe de konstruksje op him nimme. Mar doe't dat twa moanne ferlyn noch net klear wie, grypte de Provinsje Fryslân yn. Tegearre mei de gemeente Harns, de fonteinkommisje en it bedriuw De Boer en De Groot is besletten om de konstruksje sels te meitsjen. Der is mei help fan oare Harnzer bedriuwen acht wike lang hurd wurke om de potfisk klear te krijen en dat is slagge. Freed sil de potfisk yn de Willemshaven foar it earst 'offisjeel spuitsje'. 'Hoe heech oft er spuitsje kin, bliuwt noch in ferrassing', seit Bram Visser fan it bedriuw Special Metal Products.

Walfiskfeart

Der is yn Harns keazen foar in walfisk, omdat iuwen lyn Harns in belangryk plak wie foar de walfiskfangst. Tsjintwurdich wurde dy bisten krekt rêden fan de dea. It komt noch wolris foar dat der in walfisk de ferkearde kant op swimt en dan oanspielt. Ek yn Nederlân. De Whale Fountain sjocht derút as in echte oanspielde potfisk by de Suderpier.

Iepening freed 18 maaie

De fontein fan Harns is de lêste fontein dy't klear is foar de offisjele iepening fan Eleven Fountains. Alle oaren binne klear, útsein de fontein fan Dokkum. No freed 18 maaie om 16:00 oere middeis is de iepening. Mei filmkes wurdt in alvestêdetocht makke by alle fonteinen del. Omrop Fryslân stjoert dat live út op telefyzje en op ynternet fan 16:00 oere middeis ôf.

(advertinsje)