Trije oant seis jier selstraf foar bemanning drugskotter

16 maaie 2018 - 19:41

Trije oant seis jier sel. Dat binne de straffen dy't woansdei oplein binne yn it proses oer de drugskotter dy't ferline jier yn Harns oan de ketting lein is mei mear as 200 kilo kokaïne oan board. De rjochtbank seit dat der genôch bewiis is tsjin alle fjouwer bemanningsleden, en tsjin de eigener fan de kotter. Dat binne minsken út Urk.

De manlju fan de Z-181 fisken ferline jier 260 kg kokaïne út see. De drugs wie oerboard set troch opfarrenden fan in frachtskip. De Z-181-bemanning brocht it spul yn Harns oan wâl. Dêr waarden se trappearre.

In man út Montenegro krige mei seis jier de heechste straf. Hy soe net by de bemanning heard hawwe, mar spesjaal opstapt wêze doe't it skip útfear om de drugs út see op te heljen. In bemanningslid út Urk moat fiif jier sitte. De rjochtbank rekkenet him oan oan dat er neat sein hat oer de saak. De eigener fan it skip, ek in man út Urk, krige in finzenisstraf fan fjouwer jier. En de skipper krige trijenheal jier selstraf.

It skip stiet om bedriuwstechnyske redenen yn België registrearre. De Z stiet foar Zeebrugge. Mar de kotter is eigendom fan in Urker rederij.

Trefwurden: 
drugskotter Harns kokaïne
(advertinsje)