Stedskuiertocht Frjentsjer giet by keatsplakken del

16 maaie 2018 - 18:15

Frjentsjer is sûnt woansdeitemiddei in stedskuier riker mei keatsen as reade tried. De rûte rint by fjirtjin lokaasjes del dy't allegearre te krijen hawwe mei de keatssport. It boekje dat by de kuier heart, waard woansdei yn it Frjentsjerter keatsmuseum oerlange troch skriuwer Wio Joustra oan boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Waadhoeke.

By de stedskuiertocht is ek noch in app ûntwikkele foar de mobile telefoan. Ien en oar is dien yn opdracht fan de stichting Keatsstêd 2018. Yn it ramt fan LF2018 organisearret de stichting fan 't simmer in ynternasjonale keatswike ûnder de titel 'Heedaar!' De stêdskuier moat Frjentsjer as keatsstêd op de kaart sette.

(advertinsje)