Tips foar in goede brief oan dyn favorite boer of boerinne

16 maaie 2018 - 17:22
  • Tineke Brouwer fan relaasjebemiddelingsbedriuw Samen Verder

It is wer dy tiid! De tsien boeren en boerinnen fan Boer Zoekt Vrouw hawwe harren snein foarsteld en do hast noch alve dagen om dyn favorite boer of boerinne in brief te skriuwen. Mar soks is net samar klear. Want hoe skriuwst no dé brief wêrmei'tst útkeazen wurdst út de dikke steapel?

Tineke Brouwer fan relaasjebemiddelingsbedriuw Samen Verder wie oan de telefoan yn De Middei fan Fryslân om tips te jaan. Bygelyks:

Fal op

It is hiel belangryk datst opfalst mei dyn brief. By foarige ôfleveringen krige in boer wolris hûnderten brieven. Dus dyn brief moat net standert wêze. Jou der in persoanlik tintsje oan.

Foto

In fideo mei lykwols net. Jou dêrom in foto mei watst yn dyn persoanlike libben dochst. Sykje wat wêrmei'tst in klik mei him of har hast. Probearje dat te sykjen.

Net te formeel

Hast in moai en dúdlik hânskrift? Skriuw de brief dan sels. Oars is it dochs better om it op de kompjûter te dwaan. Mar tink derom! It is gjin sollisitaasjebrief, dus it hoecht net te formeel.

Sjoch nei de takomst

En wat moatst beslist net dwaan? Kom net mei lange ferhalen oer dyn ferline en hoe't dyn leafdeslibben west hat. Do giest foar de nije leafde fan dyn libben, dus sjoch nei de takomst.

Tink derom wat de boer freget

Probearje yn te gean op wat in boer freget. Freget hy of sy om in selsstannige, ûndernimmende frou? Fertel dan net datst in ferlegen, ôfstanlike persoanlikheid hast!

(advertinsje)