Frysk mei útstjerren bedrige

21 jun 2012 - 15:08

It Frysk is ien fan de 3500 talen dy't op termyn mei útstjerren bedrige wurdt. Dat meldt de VN-organisaasje Unesco. Der wurde sawat 7000 talen sprutsen op de wrâld. Saakkundigen sizze dat dêr oan de ein fan dizze ieu de helte fan oer is. De UNESCO ûnderskiedt fiif nivo's fan bedrige talen. De organisaasje omskriuwt it Frysk as 'kwetsber'.

Likernôch in heal miljoen minsken behearskje op 't heden it Frysk, sa seit de Unesco. Tegearre mei de Nederlânske gebaretaal soe it Frysk yn de takomst ferdwine kinne, ferwachtsje saakkundigen.

(advertinsje)