Douglas: "Gjin klean as utering fan religieuze oertsjûging"

Douglas Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Ien fan de regels by Douglas is dat de ferkeapmeiwurkers gjin klean drage mei dy't utering jouwe oan politike, filosofyske of religieuze oertsjûgings. Dat seit de parfumery yn in reaksje op de argewaasje op Facebook. Dêr skreau in frou dat ien fan de meiwurkers fan Douglas yn Ljouwert net mear yn de winkel wurkje mei sûnt se in holdoek draacht, en allinnich mar ynset wurdt yn it magazyn.
Reaksje Douglas
Douglas skriuwt yn de reaksje: "Onze verkoopmedewerkers zijn ons visitekaartje. Daarom vinden wij het belangrijk dat wij neutraliteit en eenheid uitstralen. En daarom dragen onze verkoopmedewerkers neutrale, zwarte kleding, een shawl van Douglas en een badge."
"Wij nemen de recente berichtgeving over dit onderwerp heel serieus en betreuren dit ten zeerste. Wij zijn tegen elke vorm van discriminatie. Juist daarom hebben wij al jarenlang onze kledingvoorschriften, zodat er voor iedereen duidelijkheid is: wij zijn volledig neutraal en willen dat ook uitstralen. Zo kan iedereen zich bij ons welkom voelen."
Europeesk Hôf fan Justysje
Neffens in útspraak fan it Europeesk Hôf fan Justysje yn maart mei in bedriuw fan meiwurkers freegje om gjin klean te dragen mei bygelyks religieuze uteringen, as dat yn de kleanfoarskriften fan it bedriuw stiet. It is net dúdlik oft dat by Douglas it gefal is en oft de frou dêrfan op de hichte wie.