Rotsterhaulster bringt wenningsluting foar Ried fan Steat

It gebou fan 'e Ried fan Steat yn Den Haag © ANP
In ynwenner fan Rotsterhaule hat woansdei yn Den Haag by de Ried fan Steat protestearre tsjin it sluten fan syn hûs foar in perioade. De gemeente De Fryske Marren wol de wenning trije moannen slute, omdat der in pear moanne ferlyn 45 himpplanten en 142 himpstekken fûn waarden. De boargemaster fynt dat in slimme oantaasting fan de iepenbiere oarder en feiligens.
Medysk gebrûk
De bewenner seit dat er de himp nedich hat foar medysk gebrûk. Der stiene ek planten fan freonen, mar ek dy wiene foar medysk gebrûk. De man hat in protte bisten en ferbout al syn griente sels. Hy ferkeapet ek hout, griente en huning. As syn hûs sletten wurdt, sil de tun omkomme. In oar plak foar de bisten is der ek net, seit syn advokaat.
De gemeente hâldt fêst oan de sluting, dy't past by it gemeentlik belied by de fynst fan himp. De útspraak folget binnen in pear wiken.