Rûpen frette bosken yn súdeastlik Fryslân keal

16 maaie 2018 - 16:46

It liket wol hjerst yn de bosken fan Súdeast-Fryslân. Rûpen hawwe manmachtich de oanfal op beammen ynset. Benammen iken wurde op dit stuit kealfretten. Saakkundigen sprekke fan in mystearje dat ien kear yn 'e safolle jier foarkomt. 

Siep Sinnema fan de Vlinderwerkgroep Friesland wit dat de nachtflinters wer yn aksje kommen binne. De rûpen fan dizze flinters frette harren al wiken lang fol. Wa't troch de bosken kuieret, sjocht it resultaat fan dizze grutte fretterij. Sa stean yn it boartersbosk Sparjebird by de Hemrik in soad keale beammen, sûnder grien op de tûken.

Noch in wike en dan hawwe de rûpen genôch iten hân om úteinlik as flinters fierder troch it libben te gean. De beammen krije dan de kâns om wer op it bloeien, want se kinne dizze rûpe-oanfal mei gemak oan.


 

Trefwurden: 
rûp
(advertinsje)