Eksamenpraat #4: Hokker stúdzje silsto hjirnei dwaan?

Foar de rubryk Eksamenpraat is Omrop Fryslân troch hiel Fryslân te finen. Learlingen fan it fuortset ûnderwiis dogge de kommende wiken eineksamen. Sa ek op it Gomarus College yn Ljouwert. Tongersdei sjogge guon learlingen werom op wat west hat, mei it eksamen skiednis. Omrop Fryslân sjocht foarút en gie op 'en paad mei de fraach: Hokker stúdzje silsto hjirnei dwaan?