Wurkstraf foar mishanneling eks-freondinne

16 maaie 2018 - 15:48

In man fan 27 út Wergea is woansdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren foar it mishanneljen fan syn eks-freondinne. De rjochter fûn dat bewiisd is dat de man syn freondinne treaun en slein hat. Ek soe er har skopt hawwe, doe't se op de grûn lei. Fierders wurdt him ferwiten dat er har by de kiel pakt hat, tsjin de muorre drukt en oan de polsen nei bûten ta sleept.  Bûten it hûs goaide de man syn eks-freondinne tsjin in ôffalkontener.

De twa wiene al útinoar doe't it barde. De frou wie weromkommen om har guod op te heljen. Mar neffens de Wergeaster wie de frou mei spul begûn te smiten, doe't se yn hûs wie.

Neffens de reklassearring hat de man in drege jeugd hân mei in gewelddiedige heit. It advys wie om de man ferplicht op kursus te stjoeren, sadat er better omgean leart mei syn lilkens. De rjochter gong dêr net yn mei.

Trefwurden: 
wurkstraf mishanneling Wergea
(advertinsje)