Frou mei holdoek soe gjin minsken mear helpe meie by Douglas

Op Facebook is in soad argewaasje ûntstien oer in meiwurkster fan Douglas oan de Nijstêd yn Ljouwert. Sy soe fanwege har holdoek gjin klanten yn de winkel mear helpe meie en allinnich noch yn it magazyn ynsetten wurde.
Alteast, dat skreau in frou op de Facebookpagina fan Douglas Nederlân. Yntusken is it Facebookprofyl fuorthelle, mar net troch harsels. Ien fan de meiwurksters dy't sy kent, draacht sûnt koart in holdoek. "Nu zag ik haar al een tijdje niet in de winkel", skriuwt se. "En toen ik vroeg waar ze was, wist ik niet wat ik hoorde. Omdat ze een hoofddoek draagt mag ze geen klanten meer helpen in de winkel. Ze mag alleen nog in het magazijn werken."
It Facebookberjocht wurdt faak dield en der binne in protte reaksjes: "Dag douglas! Dan ook geen "hoofdoekjes" als klant", skriuwt ien. En in oar skriuwt: "Belachelijk. Ik weet dat het idd een issue was voor dit bedrijf. Geen douglas meer voor mij."
Ek de pagina fan Douglas Ljouwert krijt sûnt it berjocht in soad negative resinsjes.
Omrop Fryslân hat Douglas om in reaksje frege.