LIVE: IepenUP oer iten

IepenUP, Smûk en smikkel small
Iten: wa hâldt der no net fan? Dizze wike in IepenUP: Smûk en smikkel small. Fan 16.00 oere ôf kinne minsken delkomme yn de grutte seal fan poppoadium Neushoorn foar in itensmerk. Hjir komt ek de útstjoering fan jûn wei. Wa mei wol wat lekkers en komt del? Fansels kinst ek online meisjen fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Smikkelje mei

It sil dan ek net ferwûnderje dat der jûn oer iten praat wurdt by IepenUP. Albert Kooy, Kaasmakerij Buurvrouw Durkje, Sarah Verroen fan Fish & Farm en Janco Heida fan De Streekboer prate oer it duorsum buorkjen en wa't deryn oan set is. En wat binne no krekt de 'food trends' fan it momint? Koks Reitse Spanninga, Willem Schaafsma fan Restaurant Eindeloos en Proefverlof en Norma de Jong brûke in soad streekprodukten foar harren gerjochten, mar is dat ek goed fol te hâlden? Dêrneist hawwe Hiske Versprille (itensresinsint Het Parool) en Marten Aukes (itensfotograaf) it oer it yn byld bringen of skriuwen oer gerjochten. Ek sil Flaamske filosoof Stijn Bruers fertelle oer syn yn earste ynstânsje tsjinstridige eagjende libbenswize: hy is fegan, mar is tsjin de biologyske lânbou.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.