Almere gjin konkurrint Thialf
Deputearre Konst sjocht yn de plannen foar in nije iisbaan yn Almere gjin direkte bedriging foar Thialf. De plannen foar de nije baan waarden woansdeitejûn presintearre. Neffens Konst is it noch mar de fraach oft de plannen útfierd wurde kinne. Boppedat mist Almere neffens him de ûnderfining dy't Thialf yntusken wol hat.
Neffens Konst is de iisbaan yn Almere geskikt foar minsken út de omjouwing fan Almere, mar sil er net de topriders ôfpikke.