Scooterrider ûnderút by achterfolging yn Ljouwert

16 maaie 2018 - 14:28

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei hat de plysje in 20-jierrige man út Ljouwert oanhâlden nei't er ûnderút gong wie mei in stellen scooter. De man ried slingerjend oer de Heliconwei, doe't de plysje him tsjinkaam. De scooterrider negearre in stopteken en naaide út. By it Europaplein gong de man mei bromfyts en al ûnderút doe't er de stoeprâne rekke.

Dêr hold de acherfolging lykwols net op. De man naaide op 'e nij út, mar koe oanhâlden wurde troch de plysje.

Ut ûndersyk die bliken dat de scooter dit wykein stellen wie. Ek hie de man gjin rydbewiis. De 20-jierrige Ljouwerter wie ûnder ynfloed fan drugs. Hy wegere mei te wurkjen oan in bloedproef. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
scooterdief Europaplein
(advertinsje)