FNP wol berneboargemaster yn Waadhoeke

Der moat in berneboargemaster komme yn de gemeente Waadhoeke. Dat fynt de FNP yn dy gemeente. De partij tinkt dat in berneboargemaster helpe kin om bern fan basisskoallen op in boartlike wize yn 'e kunde komme te litten mei de gemeente.
Op dit stuit is Hayo Apotheker tydlik boargemaster yn Waadhoeke. Mar op 31 oktober komt der in nije, fêste boargemaster. Neffens de FNP is dat ek in moai momint om mei de berneboargemaster te kommen. Sa'n berneboargemaster kin yn de gemeente mei de 'echte' boargemaster meigean by iepeningen, Keningsdei, de yntocht fan Sinteklaas ensafuorthinne. Dêrneist kin de berneboargemaster ek in eigen programma hawwe, sa as in wurkbesite oan in skoalle yn Waadhoeke.
As de komplete ried posityf reagearret op it foarstel, dan sille de basisskoallen noch foar de simmerfakânsje fan 2018 in brief krije fan de gemeente om bern út groep 7 of 8 op te roppen om te 'sollisitearjen' nei it berneboargemasterskip.