Trije minsken oanholden yn Tsjerkwert fanwege 800 wytplanten

Argyffoto © Omrop Fryslân, Dirk Baron
De plysje hat trije minsken oanhâlden nei't se in himpkwekerij mei 800 planten fûn hiene yn in dongkelder ûnder in pleats oan de Boalserterwei yn Tjerkwert.
De 52-jierrige bewenner is oanhâlden, lykas in 44-jierrige man en in 32-jierrige frou út Wytmarsum. Se wurde fertocht fan it yllegaal kweken fan himp. De 44-jierrige man soe boppedat jild wytwosken ha.
De plysje fûn de kwekerij nei in anonime tip. De elektrisiteit foar de himpkwekerij waard yllegaal ôftape by de buorlju. De kabel wie neffens de plysje al diels raand, wêrtroch't de kâns op brân grut wie.