50Plus wol maatregels nei klachten oer brêge Skarsterbrêge

Ynwenners fan Skarsterbrêge hawwe in soad lêst fan it lûd fan de brêge yn it doarp. Se kleie al langere tiid oer it lûd dat feroarsake wurdt troch twa bellen by it iepenjen en dellitten fan de brêge. Op drokke dagen is dat wol sa'n 25 kear yn 'e oere. De bellen binne der sûnt de brêge op ôfstân betsjinne wurdt.
De bewenners wolle dat de bellen minder lûd meitsje. Ek moat der in oar plak foar fûn wurde, dêr't se minder lûdshinder feroarsaakje. De ynwenners fan Skarsterbrêge hawwe provinsjale steaten in brief skreaun. Se hawwe earder al klachten yntsjinne by de provinsje, mar se fiele harren net heard. De fraksje fan 50Plus wol no dat de provinsje maatregels nimt en de suggestjes fan de ynwenners oernimt.