Waadferiening: "It giet min mei it Waad"

16 maaie 2018 - 13:48
  • Waadferiening: "It giet min mei it Waad"
  • Remco de Vries sjocht mei Lutz Jacobi by it Waad

It giet min mei it Waad. Dat seit de Waadferiening op basis fan ûndersyk troch mear as hûndert wittenskippers. Dy hawwe in rapport opsteld foar de ynternasjonale konferinsje oer it Waad dy't dizze wike plakfynt yn Ljouwert. De wittenskippers binne net posityf oer de fiskstân, de gefolgen fan klimaatferoarings foar kwelders op de eilannen, de briedfûgels en de betsjutting fan it Waad foar fûgels dy't der benammen komme om te fretten.

Undersyk en maatregels binne te fragmintearre om it hiele ekosysteem fan it Waad te ferbetterjen, sa stiet der yn it rapport. Wat Nederlân, Dútslân en Denemarken fjouwer jier lyn ôfpraat ha oer it Waad, binne de lannen lang net altiten neikaam.

Woansdeitemoarn plante direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening dêrom symboalysk in reade flagge op it strân fan Harns. Neffens Jacobi moat der mei yngong fan takom jier ien nije behearder oansteld wurde mei foldwaande jild, foech, kennis en minsken.

Trefwurden: 
It Waad Waadferiening
(advertinsje)