Messeswaaier yn stedhûs is bekende fan gemeente Ljouwert

De man dy't woansdeitemoarn in balymeiwurker fan de gemeente Ljouwert bedrige mei in mes yn it stedhûs oan it Hofplein is in bekende fan de gemeente. De man hie al in ferbod foar it stedskantoar, omdat hy dêr earder oerlêst feroarsake. Boargemaster Ferd Crone is bot oandien troch it ynsidint: "Het is een verschrikkelijke gebeurtenis. Dat iemand zo binnenkomt en iemand bedreigt met een mes, dat is onaanvaardbaar."
De balymeiwurker dy't oanfallen waard troch de man rekke net slim ferwûne, mar is wol nei it sikehûs brocht om behannele te wurden. Crone: "Er zijn verwondingen, maar de schok is erger. We hopen dat het goed afloopt. Voor de man die bedreigd is en voor de bodes die erbij waren is het verschikkelijk."
De meiwurkers fan de gemeente binne bot skrokken fan it ynsidint. It stedhûs hat ticht west fanwege plysje-ûndersyk, mar is no wer iepen.
It stedhûs is wol goed befeilige, seit Crone: "Het stadhuis is altijd goed beschermd. Je kan ook nergens naar binnen zonder pasje, alleen bij de voordeur. Daar zie je de bodes zitten, die staan je altijd vriendelijk te woord."