Twa Ljouwerter brêgen beheind betsjinne op pinkstersnein

De Vrouwenpoortsbrêge yn Ljouwert © Roelf van Foeken
Wettersporters yn Ljouwert moatte snein rekken hâlde mei oerlêst. Rykswettersteat hat bekend makke dat de Frouwepoartsbrêge en de Noarderbrêge op earste pinksterdei beheind betsjinne wurde.
It hurdrinevenemint Loop Leeuwarden komt oer beide brêgen hinne. Dêr dogge tûzenen minsken oan mei.