Man bedriget en ferwûnet meiwurker gemeente Ljouwert

16 maaie 2018 - 11:20

De plysje hat woansdeitemoarn in man oanholden yn it stedhûs oan it Hofplein yn Ljouwert. De man kaam de hal yn mei in mes en bedrige in balymeiwurker fan de gemeente. Dy rekke dêrby ferwûne oan 'e hân, seit de plysje. It slachtoffer is behannele troch ambulânsepersoniel.

De fertochte is meinaam nei it plysjeburo. It is noch net bekend wat de oanlieding wie.

It stedhûs is ôfsletten yn ferbân mei it ûndersyk.

De meiwurkers fan de gemeente binne bot skrokken fan it ynsidint, fertelde in wurdfierster fan de gemeente.

(advertinsje)