It Fryske Gea komt mei maatregels dy't ynsekten helpe moatte

It Fryske Gea hat in oantal maatregels yn byld dy't in posityf effekt hawwe kinne op it tal ynsekten yn ús provinsje. Trije jier lyn is It Fryske Gea in ûndersyk start yn oparbeidzjen mei de flinterstifting en de boeren dy't feriene binne yn kollektyf It Lege Midden. De útkomsten dêrfan sille ynkoarten presintearre wurde.
Rânebehear
Ien fan de maatregels dy't goed wurket foar de ynsekten is it saneamde rânebehear. Dat betsjut dat boeren it grutste part fan it lân gewoan meane, mar dat se it gers by de rânen fan de sleat heech litte. "It docht bliken dat dat hiel effektyf is", fertelt Sytske Rintjema fan It Fryske Gea.
"Der binne yn totaal sân maatregels dy't we ûndersocht hawwe. De wichtichste útkomst is dat we soargje moatte foar fariaasje yn de romte en de tiid. We moatte net alles tagelyk meane, mar soargje dat der altyd in plak bliuwt dêr't de ynsekten telâne kinne", seit Rintjema. Boppedat moat der neffens de belutsenen ek goed sjoen wurde nei it behear fan de bermen. Dat soe better kinne.
Help fan boeren
De inisjatyfnimmers fan it ûndersyk hoopje dat boeren meihelpe wolle mei de maatregels, dy't nei foaren komme út it ûndersyk. "Se binne praktysk yn te passen, dêr't boeren net in soad muoite foar hoege te dwaan. It kostet har ek net in soad jild", tinkt Rintjema. It doel fan It Fryske Gea is om de wurkjende maatregels oer de rest fan de provinsje út te sprieden.