Harns wachtet op leech wetter foar Walfiskfontein

Woansdei wurdt yn de Willemshaven fan Harns de Walfiskfontein fan it 11Fountains-projekt pleatst. De grutte walfisk is 17,5 ton swier. It bedriuw De Boer en De Groot hat de konstruksje makke dêr't de saneamde 'Whale Fountain' op stean sil.
It gefaarte wurdt earst op in ponton takele oan de Hermeskade. Troch it Van Harinxmakanaal giet de fontein rjochting syn lisplak yn de Willemshaven. Dêrnei is it wachtsjen op leech wetter, want dan pas kin de walfisk goed te plak brocht wurde. Se binne foarsichtich oan it wurk yn Harns, ûnder oare fanwege de hurde wyn. De ferwachting is dat it om 20.00 oere klear is.
Histoaryske betsjutting
De keunstner fan de fontein hat yn Harns keazen foar in walfisk omdat iuwen lyn Harns in belangryk plak wie foar de walfiskjacht. Tsjintwurdich wurde dizze bisten krekt rêden fan de dea. It bart noch wolris dat der earne in walfisk oanspielt. De 'Whale Fountain' liket op in oanspielde potfisk by de Suderpier.
Lêste fontein fan 11Fountains
De fontein fan Harns is de lêste fontein dy't klear is foar de offisjele iepening fan 11Fountains. Alle oare fonteinen binne klear, útsein de fontein fan Dokkum. No freed 18 maaie om 16.00 oere middeis is de iepening. Mei filmkes wurdt der in Alvestêdetocht makke by alle fonteinen del.
Omrop Fryslân stjoert dit barren live út op TV en ynternet fan 16.00 oere middeis ôf.