Twa stasjons om risiko op natuerbrannen te mjitten

It risiko op natuerbrannen yn Fryslân wurdt fan freed ôf goed yn de gaten hâlden. Feilichheidsregio Fryslân iepenet dan twa mjitstasjons: ien yn Beetstersweach en ien op Skylge. Dy hâlde de wyn, temperatuer, drûchte en luchtfochtichheid yn de gaten.
Dêrby wurdt ynformaasje fan Buienradar, it KNMI, natuerbehearders en brânwachtminsken keppele. Mocht der in ferhege risiko op brân wêze, dan warskôget it stasjon en kinne der op tiid maatregels naam wurde.