SC Hearrenfean wol Jan Olde Riekerink as haadtrainer

Fuotbalklup SC Hearrenfean wol de 55-jierrige Jan Olde Riekerink as haadtrainer. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante.
De klup hopet him ynkoarten presintearje te kinnen as opfolger fan Jurgen Streppel, dy't nei twa seizoenen fuortgiet. Olde Riekerink seit dat er mominteel praat mei meardere Nederlânske en Sineeske klups.
De lêste klup dêr't Olde Riekerink foar wurke is it Turkske Galatasaray. Earder wurke er as jeugdtrainer en haad oplieding foar Ajax en wie er trainer by AA Gent, it Sineeske fuotbalbûn en wie assistint-trainer fan FC Porto.