Lintsje foar direksjelid Kor Visscher by ôfskied fan Philips

16 maaie 2018 - 10:00

Direksjelid Kor Visscher fan Philips yn Drachten is tiisdei by syn ôfskied fan it bedriuw beneamd ta Ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau.

De 65-jierrige Visscher út Haren wie neist syn wurk foar Philips ek foarsitter fan it Ynnovaasjekluster Drachten, wêryn't 18 ynnovative bedriuwen gearwurkje. Hy hat dêrmei in soad dien foar de ekonomy en de wurkgelegenheid yn it noarden.

Visscher wie ek aktyf binnen VNO-NCW, by de Ryksuniversiteit Grins en wie foar de provinsje Fryslân saakkundige op it mêd fan de ferdieling fan Europeesk jild foar ynnovaasje en ûndernimmerskip.

(advertinsje)
(advertinsje)