Kollum: "Demokrasy"

16 maaie 2018 - 07:36

"Tusken 1588 en 1795 wie Fryslân in ûnderdiel fan de Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden. Mar wol, sa't wy wend binne fan ússels, in hiel apart ûnderdiel. Yn 1555 by de ynhuldiging fan Philips II as "heer der Nederlanden" hie Gemma van Burmania, ien fan de Fryske eallju, ommers al sein dat Friezen allinne foar God knibbelje en net foar Philipsen. Dat ha wy pas yn 1950 dien, doe't Philips yn Drachten kaam. Mar it alderwichtichste wie dat wy yn dy Republyk it allerdemokratyske ûnderdiel wienen. Dat ha Fryske gelearden ús net leard, wy binne fierstente beskieden, mar de Ingelske professor Israel.

Dat dienen wy foar it oare op syn alvenienentrichist. Alve stêden. En ienentritich gritenijen. Gemeenten soene wy hjoed-de-dei sizze. Mar de macht wie moai ferdield. Soks is betreklik fansels, macht is altiten, doe en no, yn hannen fan de lju mei jild of blau bloed. Mar der wiene yn alle gritenijen ferkiezings om twa boargers nei Ljouwert te stjoeren foar de doe noch hillige Fryske steaten. Ien fan adel, de oare in gewoanen. Yn de stêden lei it wat oars, dêr hienen sy 'vroedschappen', en dêrútwei giene twa nei de steaten. Mar ek dy boargerssteateleden út de doarpen moasten fansels wol jild ha om sa no en dan nei Ljouwert te reizgjen en te oernachtsjen yn it WTC-hotel. Mar der waard serieus op tasjoen dat elk yn Fryslân him of har, o nee har noch net, him fertsjintwurdige fiele koe.

It wie wer oer yn 1795 doe't de Frânsen kamen, mar it ûntstie fuort wer doe't Fryslân dêrnei ûnderdiel fan Nederlân waard en Thorbecke fanút Den Haach ús demokrasy stal joech. In demokratyske liberaal wie dat, sokken binne der no net mear. Doe ha de Dútsers der noch efkes tuskenyn sitten, mar dêrnei waarden alle politike partijen grutter as fakbûnen. No, demokratysker kin net.

Jo soenen jo dus no deljaan kinne yn de wissichheid dat it mei de demokrasy yn Fryslân fanôf de Gouden Iuw wol goed sit. No, dan moatte jo it nijs net folgje. Tsjintwurdich betinkt immen wat en rjochtet daliks in partij op. Eartiids moasten se harsels opjaan by de grytman en dy koe noch sizze oft it al of net wat wurde soe. Tsjintwurdich is in amtner genôch.

Dêrnei begjinne se te razen as Wilders en dan binne der automatysk lju dy't har yn it gelid opstelle. Se rinne ek gau genôch wer oer nei in oar, mar der komt dêrtroch net folle fan echt demokratyske beslissings.

Yn Noardeast-Fryslân kaam in skûtsje Kollum ynfarren as wie 't noch om 1600 hinne, al wiene der doe noch gjin izeren skippen. Boargemaster Bearn Bilker stie op 'e kant. Wêrom? Yn dat skip sieten nammentlik inkel Gemeentebelangers. Dy wolle in Gemeentebelangenpartij foar hiel Noardeast-Fryslân meitsje. En yn de earmste gemeente fan Nederlân, Kollumerlân wie noch nea in Gemeentebelang.

Mar wat die dy Bearn Bilker op de kade te dûnsjen en te roppen dat hy bliid wie dat der no einlik in Gemeentebelangen wie? Bearn Bilker is in Oranjeman yn hert en nieren, hâldt dêr lêzings oer, mar seit net dat dy âlde Oranjes demokratysk wienen. Dyselde Bearn Bilker is polityk opfieden yn it CDA. Hat altyd útdroegen dat it wichtich wie om hâldfêst te hawwen yn sa'n grutte partij, om't jo dan wis binne fan demokrasy. Dêr kinne jo dan yn in gemeente bygelyks wer fan profitearje. Dyselde Bearn Bilker stiet as in dwaas te dûnsjen op de wâl as dy Gemeentebelangers komme. Bêste lju, mar se sjogge net fierder as de grins fan de gemeente. Wêr't se rjocht op ha, mar dat is wat oars.

Mar Bearn Bilker wit dus dat yn de gemeenten partijen as CDA en PvdA it proses ferlern ha. Yn gemeenten giet it tenei om it kiezen fan yndividuele lju. Ek de gruttere partijen sille sa oan de slach moatte. En net fierder sjen as de eigen grinzen fan jo gritenij. Bilker mei dêr best bliid mei wêze.

Mar hoe moat it dan mei de provinsje, Bearn? De steaten moat aanst oardielje oer alle gritenijen as ien Frysk gehiel. Dat kinne se net, sels grutte partijen kinne no net mear algehiel demokratysk tinke. Dat wie yn de Gouden Iuw dochs justjes better."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)