Schrier: "Fryslân rint efter mei oerstap duorsume enerzjy"

16 maaie 2018 - 06:19

Fryslân rint efter by it ombûgjen fan fossile brânstoffen nei duorsume enerzjyboarnen. Dat skriuwt deputearre Michiel Schrier yn in brief oan Provinsjale Steaten.

Benammen op it mêd fan enerzjybesparring smyt it noch net de resultaten op as earder hope. Foaral yn de lânbousektor en by ferkear en ferfier moatte noch in soad stappen set wurde, fynt Schrier.

De provinsje wol yn 2020 tweintich prosint oan enerzjy besparje sjoen nei 2010. It doel is ek om yn 2020 sechtjin prosint oan duorsume enerzjy op te wekken.

Ierdgasfrije nijbouwiken

Deputearre Schrier stipet it Ryk yn de plannen om nijbouwiken ierdgasfrij te meitsjen. Mooglik soe grien gas dêr noch wol in opsje wêze kinne, fynt Schrier.

Hy wol dit jier in grutte stap sette mei it duorsumer meitsjen fan de Provinsje Fryslân. Schrier ferwachtet in soad fan de gearwurking mei gemeenten, boubedriuwen en de hiersektor yn de Fryske Enerzjy Strategy. Yn 2050 moat Fryslân enerzjyneutraal wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)