Auto bedarret yn fangrail op A7

16 maaie 2018 - 06:03

Op de A7 by Drachten is tiisdeitejûn in auto yn de fangrail bedarre, nei't er tsjin in oare auto botst wie. De bestjoerder is kontrolearre troch meiwurkers fan de ambulânse, mar rekke net ferwûne. De brânwacht hat de dyk skjin makke. De auto rekke slim skansearre en is troch in berger fuortsleept.

Trefwurden: 
A7 Drachten auto-ûngelok
(advertinsje)