'IIshal Almere komt der'

21 jun 2012 - 12:54

Inisjatyfnimmers ferwachtsje noch foar de ein fan dit jier it jild te hawwen foar in nije iishal yn Almere. De plannen foar de hal binne woansdei presintearre.

It giet om in hal dy't neffens de saakkundigen de konkurrinsje oan kin mei Thialf op It Hearrenfean. Dat is ek fuortendalik in probleem, want op dit stuit moat Thialf foar tsientallen miljoenen fernijd wurde. Guon minsken binne der benaud foar dat der gjin plak is foar twa topsporthallen. Inisjatyfnimmer Folkert Buiter fan de nije iishal yn Almere tinkt dat it foar him wol út kin.

Trefwurden: 
iishal Almere
(advertinsje)