Nij fjouwertalich boek oer tolve iuwen Fryske literatuer

15 maaie 2018 - 22:10

In boek mei dêryn in koarte skiednis fan de Fryske literatuer is tiideitejûn presintearre yn it gebou OBE yn Ljouwert. Joke Corporaal hat it boek mei de titel 'Salang't de beam bloeit' skreaun. It ferskynt yn it ramt fan Lân fan faal en is bedoeld foar learlingen en studinten Frysk. Omdat der dit jier mei LF2018 in soad minsken fan bûten de provinsje ferwachte wurde, ferskynt it boek ek yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. Sa kinne toeristen ek yn de kunde komme mei de skiednis fan de Fryske literatuer fan it jier 800 oant no ta. Tagelyk mei it boek is de no ek in webside mei mear ynformaasje, filmkes en opdrachten foar learlingen en studinten.

Joke Corporaal hat it boek skreaun yn opdracht fan Tresoar en de Stifting ta Stipe fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. De útjouwerij is Bornmeer.

(advertinsje)
(advertinsje)