Banekrimp provinsje komt hurd oan by tydlike meiwurkers

15 maaie 2018 - 21:50

By de tydlike meiwurkers fan de provinsje kaam de meidieling fan it ferlies fan hûndert banen hurd oan. Dat seit Geeske Bies fan de ûndernimmingsried fan de Provinsje Fryslân. De UR wie neffens Bies wol meinaam yn it nijs, mar it tydlike personiel net. 

Tydlik op struktureel wurk

Wy meitsje ús as meiwurkers soargen, seit Bies. Der is bêst in protte wurk, dat no foar in grut part dien wurdt troch tydlike meiwurkers. As dy allegearre gjin kontraktferlinging krije, wa moat it wurk dan dwaan? Wy sjogge net hoe't dat krekt moat. Dy tydlike meiwurkers sitte bygelyks by subsydzjesaken of by grutte ynfrastrukturele projekten. "Eins wurkje troch de hiele provinsjale organisaasje hinne minsken op tydlike kontrakten oan strukturele saken." 

Kennis oerdrage

Deputearre Kielstra sei moandei dat der gjin twongen ûntslaggen falle sille. De banereduksje giet mei natuerlik ferrin. As minsken mei pensjoen gean, ferdwine de banen. Mar dan giet der ek kennis ferlern, seit Bies. It is hiel belangryk dat de organisaasje jonge minsken meirinne lit mei wurknimmers dy't mei pensjoen gean, sadat dy kennis net ferlern giet. Foar elkenien dy't mei pensjoen giet, moat der in nijenien klear stean.

(advertinsje)
(advertinsje)